Lyts Yleke yn Drylts sertifisearre as “Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling“

Liedsters fan pjutteboartersplak Lyts Yleke hawwe it sertifikaat “Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling” behelle. Lyts Yleke wurket al jierren mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe dat trajekt no ôfrûne en krije dêrfoar it sertifikaat. Op woansdei 2 desimber wie it Sinteklazefeest yn Drylts. Sjoeke Kampen wie as Sinteklaas op besite en hat it sertifikaat oan liedsters Geeske Piersma en Tony Hollander oerlange. Foar de bern wie der ek fan alles te dwaan; in poppekast, ferhalen fan Sinteklaas en Dikkie Dik en der waard songen. Om’t it hast 5 desimber is, wie der ek snobbersguod, pipernuten en kadootsjes foar de bern.

Provinsjaal ûnderwiisbelied:

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 185 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak Lyts Yleke

De liedsters fan Lyts Yleke binne oansletten by de organisaasje Stifting Pjut. Sy wurkje neffens it prinsipe fan konsekwint taalgebrûk. Geeske Piersma praat Frysk mei alle bern, âlden en kollega’s en Tony Hollander praat altyd Nederlânsk. De frijwillichsters hawwe ek allegear in fêste taal, guon prate Frysk en oaren prate Nederlânsk. Beide talen krije dêrnjonken ek foldwaande omtinken by aktiviteiten as sjongen, foarlêzen en rollespultsjes. Der hat in saneamde fisitaasjekommisje  op it boartersplak west om te sjen oft sy foldogge oan de easken fan it twatalich belied. Ut it ferslach docht bliken dat dat sa is. De kommisje skriuwt ûnder oaren: De liedsters hâlde har konsekwint oan har fêste taal. Yn dit gefal ekstra bysûnder: Geeske hat har it Frysk eigen makke, frijwillichster Jitske moat op it boartersplak har memmetaal “parkeare” en it Nederlânsk oanbiede. Dat is in komplimint wurdich! De liedsters bringe it ‘ien persoan, ien taal-prinsipe’ yn praktyk en biede beide talen yn in ferantwurde ferhâlding oan.

Sertifisearring:

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen. It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek ta goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.

 

Er kan niet meer worden gereageerd

Je kunt hier niet op reageren.